Naam: Pieteke de Boer
Media: Fryske dichter/twichter
Website: http://fryskfrommes.blogspot.nl

Optreden: Zondag 12.15 - 12.45 uur
Locatie: Vrachtschip Harmonie, plattegrond nr 12

Dizze Fryske dichter sprekt û.o. minsken oan dy ’t oars net safolle mei poëzij hawwe. Se brûkt gewoane Fryske sprektaal yn har gedichten en twichten. Wit mei in pear wurden faaks mear te sizzen as in oar mei in protte. Koartlyn hat se skuttingtaal in nije betsjutting jûn mei har poëzij op muorren en skuttingen. Se is miskien better bekind as Fryskfrommes, har ynternetnamme. Trije kear hat in sjuery har nominearre foar de Sulveren Twicht. In twicht is in gedichtsje op twitter en hat dus net mear as 140 tekens. Kinst har op twitter fine as @twichtwicht.
Pieteke nimt in sjongkwartet mei en sy trede snein op fan 12.15 - 12.45 oere ûnder de namme Fjouwer & P op frachtskip Harmonie.
Pieteke de Boer draagt voor tijdens Kunst aan de Haven